De Fryske side fan de gemeente Wûnseradiel! Al in pear jier hawwe wy in eigen side mei allerhande ynformaasje. Neist algemiene en toeristyske ynformaasje publisearje wy al in skoft de aginda's en gearkomstestikken fan de gemeenteried en de aginda's fan de riedskommisjes. In tsjinstferliening dy't, sa docht bliken út de reaksjes, tige op priis steld wurdt.
It útgongspunt foar dizze nije side is it oanbieden fan bestjoerlike ynformaasje. Dêr steane de aktuele wurklisten fan de gemeenteried en de riedskommisjes en de rieds- en kommisjestikken.
Foar it meitsjen fan dizze side hawwe wy in subsydzje krigen fan it Ministearje fan Binnenlânske Saken. Yn 'e mande mei njoggen gemeenten yn Nederlân en begelaat troch de meiwurkers fan it Gemeenteweb hawwe wy dizze side ûntwikkele.
De ûntjouwingen op Ynternet geane hurd. Wy stribje der nei, binnen de mooglikheden dy't wy hawwe, dy ûntjouwingen te folgjen en mei nije inisjativen te kommen.
Opmerkingen, ideeën en fragen binne dan ek fan herte wolkom.